Mediajungle Kletskaarten Friestalig

: Op voorraad

€29,00

Foar in goed en gesellich gesprek oer sosjale media.

95 kletskarten mei prikeljende fragen om mei elkoar yn gesprek te gean oer sosjale media.

- Nea wer wifi of nea wer dyn favorite iten. Wat kiesto?
- Wannear giet immen oer dyn grinzen online. En wat dochsto dan?
- Hoe herkensto in phishing berjocht?
- Bisto wolris jaloersk op watsto by oaren op sosjale media sjochst?
- Wat dielsto online? En wat krekt net?

    …en noch 90 oare fragen om fan en mei elkoar te learen oer sosjale media. Geskikt foar jong oant âld(er). 

    Categorieën:
    Kletskaarten

    Kletskarten

    • Gean maklik en fluch yn gesprek
    • Scan QR-koades foar toffe útlisvideo’s
    • Foegje sels fragen ta op de blanke kaartsjes
    • Bepaalje dyn eigen spulregels

    Diel dyn kennis en stel dyn fragen oan freonen, klasse-, groepsgenoaten, learkrêft, âlder of begelieder. (klik hier voor de Nederlandstalige versie)

    De dialooch oer mediagebrûk is bewiisd effektyf en draacht by oan it fergrutsjen fan online kânsen en it ferlytsjen fan risiko’s.

    Foar de lessen mediawiishied en Frysk

    Dizze edysje fan de Mediajungle kletskarten is folslein Frysktalich! Hjirmei kombinearje wy twa wichtige tema’s: it goede petear oer (sosjale) media én it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal. Perfekt foar de lessen Frysk en/of mediawiisheid yn 'e klasse. Mar ek seker thús of binnen de helpferliening!

    Dizze edysje is ûntwikkele yn gearwurking mei de Bibliotheek Noard Fryslân en Afuk, en is in ienmalige útjefte.

    Hoe spylje jo it?

    Elke dielnimmer pakt om bar in kaartsje en lêst de fraach foar.
    Op in tal kaartsjes stiet in QR-kode dy’tsto skenst mei in telefoan of tablet.
    Sa krijsto ekstra ynformaasje of in filmke.
    Der binne blauwe en giele kaarten.
    Jo kinne dizze ferdieling brûke by it gesprek tusken opfieders, learkrêften of begelieders en bern, jongerein, learlingen of kliïnten.
    De fragen op de blauwe kaarten wurde earst steld oan in opfieder, learkrêft of begelieder.
    De fragen op de giele kaarten earst oan it bern of de jongere.
    Dêrnei kin elkenien reagearje. Elke dielnimmer bepaalt sels oft hy in kaartsje fan de blauwe of de giele stapel pakt.

    Gerelateerde producten

    Mediajungle
    Is toegevoegd aan de winkelwagen!